Jild foar doarpssintra

04 feb 2011 - 21:40

De doarpssintra fan Easterstreek en Nijeholtpea krije 115.000 euro fan it kolleezje fan Weststellingwerf. Mei it jild moatte sawol de ferkearsfeiligens as de útstrieling fan de doarpen ferbettere wurde.

Boppedat ûntstean sa plakken dêr't doarpsaktiviteiten plakfine kinne. Beide doarpen binne posityf oer de plannen, dy't ein dit jier útfierd wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)