'Mear rjochters op saken'
Der moatte mear saken troch trije rjochters behannele wurde ynpleats fan ien rjochter lykas no faak bart. Soks is better foar de kwaliteit fan de rjochtspraak.
Dat fynt presidint Stef van der Kolk fan de Ljouwerter rjochtbank. De saken wurde hieltiden yngewikkelder en troch besunigings binne der hieltiden minder rjochters om se te behanneljen.