Straf foar meinimmen poppe

De Eastermarder dy't yn novimber ferline jier syn ien moanne âlde jonkje meinaam hat, is feroardiele ta sechtich oeren wurkstraf mei ôftrek fan 1 oere foar alle dagen dat er yn foararrest sitten hat. Syn foararrest duorre 59 dagen en dêrom hat de man syn straf mei de útspraak al útsitten.
De man naam syn berntsje mei nei't er spul krigen hie mei syn frou. De plysje hat him úteinlik klemriden.