Kommissaris Jorritsma op tour

04 feb 2011 - 15:42

Kommissaris Jorritsma gie freed de provinsje yn om minsken op te roppen dochs foaral nei de stimbus te gean op 2 maart. Dan binne de ferkiezings foar provinsjale steaten.

Jorritsma die rûnom yn 'e provinsje plakken oan. Sa wie er yn in sporthal en op in skoalle yn Noardwâlde. Fierders wie er by in boer yn Makkingea. It slotakkoart is freedtejûn yn Ljouwert. Dêr sil de kommissaris yn petear mei HBO-learlingen oer de takomst fan Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)