Soargen oer heitelân Egypte

04 feb 2011 - 15:26

Soargen oer de tastân yn harren lân oerhearskje by Egyptners yn Fryslân. Nei tsien dagen fan demonstraasjes liket de Egyptyske lieder Mubarak noch net op te stappen.

Adel Basta út Kollum folget it nijs út syn heitelân op 'e foet. Hy wennet al mear as tweintich jier yn Nederlân. As ekstreme moslims de macht oernimme, dan is Basta benaud dat der in Taliban- of Hamas-achtige regearing komt. Yn Jemen is ek al protest ûntstien tsjin de machthawwers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)