JUP wint fan JOOP!
It Fryske brillemerk JUP hat in wichtige rjochtsaak wûn yn Dútslân. Klean- en brillemerk JOOP! hie de rjochtsaak oanspand om't de beide merknammen te folle op elkoar lykje soene. De rjochter fûn de klacht fan JOOP! lykwols ûnterjochte.
Jurjen Veldhoen fan it bedriuw JUP út Hilaard is bliid mei de útspraak. Hy kin no fierder groeie.
Trefwurden:
argyf