Feanster sjauffeur mishannelet
In 53-jierrige frachtweinsjauffeur fan It Hearrenfean is yn Deventer oanhâlden foar mishanneling. De man krige rûzje mei in 53-jierrige automobilist út Twello.
De Hearrenfeanster joech de man út Twello mei de fûst klappen tsjin de holle. It slachtoffer is mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs brocht.