Keet gjin konkurrint fan kafee

04 feb 2011 - 11:59

De gemeente Súdwest-Fryslân sil mei in ûndersyk oantoane dat jeugdketen gjin konkurrinsje binne foar de hoareka. Dat seit wethâlder Ekhart. De Rie fan Steat wol dat de gemeente ûndersiket oft en hoe't betelle wurdt foar drinken yn 'e keten. Dat is nedich om útspraak te dwaan yn in saak tusken de eardere gemeente Wymbritseradiel en de Keninklijke Horeka Nederlân.

Troch it ûndersyk lit de gemeente sjen achter de jeugdketen te stean. Keten yn it eardere Nijefurd meie bliuwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)