"Pleitsje foar fleanbasis"

De fraksjefoarsitters fan alle politike partijen yn 'e Ljouwerter gemeenteried moatte yn Den Haach pleitsje foar it iepenhâlden fan 'e fleanbasis. Dat fine de fraksjefoarsitters fan it CDA en de VVD yn 'e Fryske haadstêd. De Fleanbasis Ljouwert soe mooglik slute moatte fanwege besunigings by definsje. Alle aktiviteiten soene dan konsintrearre wurde op 'e basis yn Volkel. In beslút oer de besunigings wurdt al ridlik gau ferwachte.