Tou oer de dyk spand

04 feb 2011 - 10:44

Unbekenden hawwe tongersdeitejûn op de Bolster op It Hearrenfean in tou oer de dyk spand. It hong op in hichte fan 1.50 meter. In man ried mei de auto tsjin it tou oan. It knapte doe.

Neffens de plysje wie it in sterk tou. Fytsers en bromfytsers hiene in rare klap falle kinnen. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)