Minder ôffearten by Doeksen

04 feb 2011 - 10:14

Rederij Doeksen skrast fanwege de hege wetterstân oan 'e ein fan de middei en jûn in tal ôffearten fan en nei Skylge en Flylân. De boat fan Skylge nei Harns om healwei seizen en fan Harns nei Skylge om tsien foar achten fart net. Ynstee dêrfan giet der in ekstra boat om kertier foar fjouweren fan Skylge nei Harns.

De boat fan Flylân nei Harns om kertier foar fiven en fan Harns nei Flylân om sân oere giet ek net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)