Aris ferliest fan Den Bosch

De basketballers fan De Friesland Aris koene foaral nei it skoft EiffelTowers yn Den Bosch lang net byhâlde. Nei it earste kwart wie it ferskil noch mar trije punten: 19-16 foar Den Bosch. Healwei stie it 43-37 foar de thúsploech.
Mei net geweldich basketbal rûn Den Bosch, mei seis spilers yn 'e dûbele sifers, by Aris wei. Mei 68-56 waard it tredde kwart ôfsletten. De einstân seit genôch: 94-74. John Williams wie mei 20 punten de tûkste Aris-spiler.