Beammen Bûtenpost bliuwe
De linebeammen oan de Kuiperswei yn Bûtenpost bliuwe gewoan stean. Guon bewenners hiene de gemeente frege om de beammen te kappen. Se hawwe in soad oerlêst fan de beammen. Dy soargje foar smoargens op ruten en auto's en soene sels fundearrings oantaaste.
Neffens de gemeente falt it mei dy oerlêst wol wat ta en boppedat binne de beammen te bepalend foar it strjitbyld om se samar fuort te heljen.
Trefwurden:
argyf