Froulju It Fean gjin koprinner

© Omrop Fryslân
De fuotbalfroulju fan de Sportklup Hearrenfean binne der net yn slagge om de lieding yn de earedivyzje fan FC Twente oer te nimmen. Dat kaam omdat de Feansters tsjin de nûmer lêst FC Zwolle net fierder kamen as in 1-1 lykspul.
Op it keunstgers fan Snits Wyt Swart makke Shanice van de Sanden yn de 28ste minút de 1-0. Trije minuten letter foel de 1-1 troch Lisanne Vermeulen.