Seewetter heger troch stoarm

03 feb 2011 - 21:51

It sil freedtejûn foar it earst dit jier stoarmje. Wetterskip Fryslân ferwachtet dat troch de hurde súdwestewyn it peil fan it seewetter útkomt op 2 meter 70 boppe NAP. Dat is noch net gefaarlik, mar dochs wurde de diken ekstra skerp yn de gaten hâlden.

Op Skylge hat de plysje minsken oproppen de auto's net op it parkearterrein fan de fearhaven del te setten. By in heger wetterpeil soe dat mooglik problemen opsmite kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)