"Dairy Campus fan grut belang"

Nij Bosma Zathe by Boksum
De Dairy Campus by Nij Bosma Zathe moat der sa gau as mooglik komme. It is neffens de Agrarische Jongeren Friesland fan grut belang foar de Nederlânske lânbou dat de proefbedriuwen by de tiid bliuwe.
Ferline wike waard bekend dat de praktykskoalle PTC+ yn Oentsjerk foarearst net meidocht oan de nije Dairy Campus. It memmebedriuw Aeres hat him weromlutsen om't de skoalle neat krijt fan de 20 miljoen euro subsydzje foar de Dairy Campus.