Kamera's yn alle bussen Qbuzz
Yn alle bussen fan Qbuzz sitte fan no ôf kamera's. Dêrmei moat sicht hâlden wurde op fernielings en misdragings. De kamera's binne op de passazjiers rjochte.
In soad bussen krije net ien, mar trije kamera's. De provinsje stekt dêr mei-inoar 55.000 euro yn. Nei in jier wurdt it projekt hifke.
Trefwurden:
argyf