Muontsefiering yn Drachten

Muontsen fan de Benedictijner Abdij út Egmond hâlden tongersdei harren songen middeistsjinst yn it Karmelkleaster yn Drachten. De Egmonders wiene yn Drachten om't harren jierlikse reiske dit jier nei dat plak gie. Se wiene by de eksposysje mei it artistike wurk fan de eardere Karmelitessuster Martina.
Suster Martina wenne oant 1993 yn it kleaster yn Drachten. Fanwege it fêste deiritme hâlden de Egmonders de middeisfiering yn it Karmelkleaster.