Krityk op Ofslútdyk 130

It kabinet jout in ferkeard sinjaal ôf as de maksimumsnelheid op 'e Ofslútdyk nei 130 km yn 'e oere giet. It is min foar it miljeu en de kwaliteit fan de dyk is ek te min. Dat binne ferskate reaksjes op it plan fan minister Schultz fan ynfrastruktuer.
Op 't heden mei net hurder as 120 riden wurde. De bedoeling is om dat te feroarjen. By wize fan proef is fan 1 maart ôf op 'e Ofslútdyk 130 it maksimum. Letter mei dat ek op trije oare plakken yn Nederlân.