Fiif himpkwekerijen oprôle

03 feb 2011 - 11:44

De plysje hat woandei op fiif plakken yn Fryslân himpkwekerijen oprôle. Trije dêrfan wiene yn Ljouwert, yn de Hazelaarstrjitte, Dennenstrjitte en oan 'e Johan Winklerwei. De oare twa plantaazjes wiene yn Harns en Noardwâlde.

Yn ien fan de plantaazjes waarden gjin planten fûn, mar wol alle apparatuer dy't foar it kweken nedich is. By de aksje binne fiif minsken oppakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)