Ynbrekkerijen oplost

De plysje hat mei de oanhâlding fan twa Ljouwerters in tal ynbraken oplost. De 36- en 37-jierrige man soene ûnder oare auto's, crossmotors en mobile telefoans stellen hawwe. Dat diene se yn plakken lykas Burgum, Nyegea en Damwâld.
De twa waarden trapearre doe't se yn in stellen auto rieden. De âldste fan de twa sit noch fêst, de oare is nei ferhear wer frijlitten. De twa wurken mei-elkoar, mar betiden ek apart.