Syktocht nei drinkeling
Yn de Herengracht op It Hearrenfean is woansdeitejûn socht nei in mooglike drinkeling. In buertbewenner hie in plûns heard en tocht dat der ien yn it wetter rekke wie.
Ferskate brânwachtkorpsen mei dûkers kamen om te sykjen. Nei ferrin fan tiid is de sykaskje ophâlden omdat der neat fûn waard.