'Langparkearders oanpakke'

Argyffoto
Ljouwerter PvdA riedslid Leo Hasz komt yn aksje tsjin langparkearders by it treinstasjon. It giet hjir dan om fytsen. Guon minsken sette harren fyts wiken lang yn in stalling wêrtroch deibesikers harren fyts net mear foar it stasjon kwyt kinne. Hjirtroch sette se de fytsen nêst de rekken del. Neffens Hasz is dat gjin gesicht.
Op it stuit kontrolearret de plysje allinnich op foutparkearders, mar neffens Hasz moat der ek kontrolearre wurde op langparkearders.