Soargen oer Fryske Marren

02 feb 2011 - 22:25

De steatefraksjes fan de VVD en it CDA meitsje har soargen oer de kosten fan it Fryske Marreprojekt. Der is al behoarlik besunige mar der bliuwt noch in hiele list fan saken dy't oanpakt wurde moatte.

Op it stuit is der noch 65 miljoen euro te min om dat te dwaan. Deputearre steaten fine dat provinsjale steaten dat probleem mar nei de kommende ferkiezings oplosse moatte. De VVD fynt dat net suver en wol no mear dúdlikheid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)