'Kieskompas net goed'

02 feb 2011 - 19:38

De nije politike partij 50PLUS Fryslân is ûntefreden oer it Fryske kieskompas dat sûnt tiisdei rieplachte wurde kin op ynternet foar stimadvys foar de provinsjale ferkiezings op 2 maart.

Listlûker Jan Waterlander beweart dat nije partijen te min belutsen west ha by it opstellen fan de stimwizer. Kiezers dy't de stimwizer brûke, krije dêrtroch gjin goed advys. 50PLUS Fryslân fynt dat yn stellingen dêr't op reagearre wurde moat, te min stiet oer saken dy't de âlderein oangiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)