Gjin medaljes by manlju

02 feb 2011 - 19:27

Op it iepen NK foar de manlju op de Weissensee yn Eastenryk binne woansdei gjin Fryske medaljes helle. Maratonrider Durk Fabriek fan Jobbegea die it fan de Fryske riders it bêste mar kaam krekt tekoart foar in poadiumplak. Hy moast it dwaan mei in fjirde plak. Martijn Kromkamp fan Wolvegea kaam der krekt efteroan en waard sande.

Winner wie Gary Hekman fan Gramsbergen. De 22-jierrige rider wie yn de slotsprint de fluchste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)