Marsum sûnder wetter

02 feb 2011 - 17:41

De ynwenners fan Marsum sitte woansdei al sûnt healwei trijen sûnder wetter. De oarsaak is in lek yn de haadlieding op de hoeke fan de Heeringawei en de Esingawei. Vitens is dwaande om in lek te reparearjen.

It is noch ûndúdlik wêrtroch it lek ûntstien is. De ferwachting is dat de ynwenners fan Marsum yn it begjin fan de jûn wer wetter ha. It wetter kin dan earst wat brún wêze, mar is net skealik foar de folkssûnens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)