Komst wynmûneparken tichteby

02 feb 2011 - 15:53

De provinsjale polityk liket yn mearderheid akkoart mei it wynmûneplan fan deputearre Konst. Yn it plan krijt Fryslân trije wynmûneparken. Dy moatte yn 2020 sa'n 400 megawatt produsearje. Dizze mûnen wurde heger as de besteande, seker 100 meter. Alde mûnen soene dan fuort moatte.

Tsjinstanners neame de plannen te djoer en in te grutte ynbreuk op it lânskip. Op 16 febrewaris nimme de steaten in definityf beslút oer de takomst fan de wynenerzjy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)