Country Fair is fallyt

02 feb 2011 - 12:29

De stifting Country Fair Fryslân is fallyt ferklearre. De stifting hat de ôfrûne jierren grutte country byienkomsten organiseard yn Gaasterlân-Sleat.

Op de evenemintedagen yn 2009 en foarich jier ha der folle minder besikers west as ferwachte wie. Dat kaam troch it minne waar. Der wiene dêrtroch folle minder ynkomsten. De stifting hat in skuld fan sa'n 40.000 euro. It bestjoer hat sels it fallissemint oanfrege.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)