Minder betide skoalferlitters

Minder bern geane fan skoalle ôf sûnder diploma yn de regio Fryslân Noard. It tal learlingen is foarich jier mei hast tritich persint weromrûn. Fiif jier lyn wiene der 888 skoalferlitters, dat wiene 625 yn 2010. De regio mei Ljouwert as sintrumgemeente heart dêrmei by de koprinners yn Nederlân.
Doel is dat it tal betide skoalferlitters dit jier lanlik mei 40 persint werombrocht wurdt.