Himpkwekerij Snits oprôle

02 feb 2011 - 10:29

Yn Snits binne tiisdei trije ynwenners fan de stêd oanhâlden by it oprôljen fan in hennepkwekerij. Surveillearjende plysjes hiene moandei op de Woudvaartkade in sterke henneplucht rûkt en dêrom waard in ûndersyk opset. Tiisdei waard in ynfal dien. Op twa ferdjippingen yn it gebou waarden hennepkwekerijen fûn.

Alle planten en apparatuer binne yn beslach naam. De fertochten moasten mei nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)