Oefening boppe Marnewaard

Strieljagers oefenje nije wike boppe it militêr oefenterrein Marnewaard. It giet om strieljagers fan de fleanbases Ljouwert en Volkel.
De militêren moatte oefenje om de strieljagers fan de grûn ôf te begelieden. Se moatte yn praktyksituaasjes leare gear te wurkjen mei fleaners fan oare NAVO-lânnen. Dy dogge ek mei oan dizze oefening. Der wurdt tusken moarns njoggen en jûns alve oere flein.