Looman ambisjeus fan start
De nije waarnimmend boargemaster fan Skarsterlân, Mary Looman, wol de boargemaster wurde fan de fúzjegemeente De Friese Meren. Looman seit dy ambysje te hawwen, mar wol earst har tydlike oanstelling yn Skarsterlân goed útfiere.
Looman is pas de tredde boargemaster fan de gemeente en ek de lêste. Skarsterlân, Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat wolle fan 1 jannewaris 2013 fierder as ien gemeente. Dêrnei wurdt der in nije boargemaster keazen.