'Wykgebou Greiden iepenhâlde'

Wyksintrum De As op It Hearrenfean
Yn De Greiden op It Hearrenfean moat in romte bliuwe dêr't bewenners inoar moetsje kinne. De gemeente moat hjir jild foar útlûke. Dat fynt it CDA. Troch besunigings giet wyksintrum De As ticht. Wolwêzensorganisaasje Caleidoscoop krijt 460.000 euro minder subsydzje en slút dêrom it wykgebou. Frijwilligers stean op strjitte en guon ferienings ha gjin plak mear.
In part fan it gebou kin hierd wurde, mar dat kostet 25.000 euro. De gemeente soe helpe moatte, fynt it CDA.