Van Hall:'Marks moat fuort'

01 feb 2011 - 15:39

Personiel en studinten fan Van Hall Larenstein yn Ljouwert hawwe it betrouwen yn direkteur Ellen Marks opsein. As direkteur Marks net opstappe wol komme der aksjes.

Dosinten en meiwurkers fan 'e hbo-oplieding hawwe al langer spul mei direkteur Marks. Sûnt de fúzje mei it hbo-ynstitút yn Wageningen soe direkteur Marks organisatorysk de saak net yn 'e hân ha. Ek soe se plannen ha om de oplieding diermanagemint te ferpleatsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)