SC Hearrenfean is tefreden

01 feb 2011 - 15:16

SC Hearrenfean is tefreden mei de útkomst fan de arbitraazje dy't spits Bas Dost tsjin de klup oanspand hie en bliid dat dyselde spits by de klup bliuwt. Dat skriuwt de klup yn in parseferklearring.

Dêryn stiet ek dat Hearrenfean de gong fan saken graach oars wollen hie, mar dat de klup him yn it hiele proses altyd ynteger, nochteren en minsklik opsteld hat. Oer bedragen wol men neat sizze. Wol is besocht mei Ajax yn de lêste faze in trochbraak te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)