Stevige krityk op justysje

It Iepenbier Ministearje hat faald en laks west. Hjirtroch is de saak tsjin fjouwer minsken dy't fan swiere mishanneling en poging ta moard beskuldige wurde tiisdei mislearre.
Dat sei de ferdigening fan ien fan de fertochten. It giet om trije manlju fan 30, 34 en 40 jier en in frou (23). Se sitte sûnt july 2010 fêst neidat se harren styfheit te liif giene om him in leske te learen. Op de sitting die bliken dat wichtige stikken te let wiene. Ek ûntbruts it DNA-ûndersyk.