Oerol: hûndert lytse sponsors

Hûndert minsken hawwe har oant no ta oanmelden as sponsor fan Oerol. Dat soene der noch foar de start fan it Skylger festival yn juny sa'n tûzen wêze moatte. Donateurs moatte elts op syn minst 300 euro yn it jier skinke en dat fiif jier lang.
It jild giet dan nei it saneamde Atelier Oerol, de wurkpleats foar nij teatertalint. Omdat it hieltyd dreger wurdt om subsydzje te krijen hopet Oerol sa in fêstere foarm fan finansiering te krijen.