Selstraf foar stalker

01 feb 2011 - 14:35

De rjochtbank hat in man (55) út Bûtenpost feroardiele ta njoggen moanne selstraf, wêrfan seis ûnder betingst. De man hat neffens de rjochtbank in frou út Hurdegaryp en har famylje stalkt en falsk beskuldige fan bernemisbrûk.

De man die dat neidat de frou de relaasje mei him beeïnige. Tsjin de man wie allinnich in jildboete easke, mar de rjochtbank fynt de saak sa slim dat der ek selsstraf jûn is. Ek mei er gjin kontakt mear opnimme mei de frou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)