'Untslaggen op basisskoallen'

01 feb 2011 - 12:11

Op basisskoallen yn Fryslân driigje massa-ûntslaggen. Mei-inoar giet it om in ferlies fan sa'n 1100 arbeidsplakken. Dat komt troch besunigingsplannen fan it ryk en de krimp. Ek kin de reguliere lump-sum finansiering fan it ûnderwiis foar in soad skoallen net út.

De needgjalp komt fan direkteur Albert Helder fan it iepenbier basisûnderwiis yn Fryslân. Neffens him wurdt it ûnderwiis 'mei minder jild opsadele mei mear ambysjes'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)