Ynternetoplichter bekent

01 feb 2011 - 11:20

In ynwenner fan Rotsterhaule hat by de plysje oplichting op ynternet bekend. De 23-jierrige man bea op ferskate ferkeapsites telefoans en rekkenmasines oan.

Neidat minsken der jild foar oermakken, stjoerde er lykwols neat ta. Neffens de plysje hat er sa tsien minsken beneidiele. Nei in ferhoar hat de man fan de plysje in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)