Flatscreens stellen yn Makkum

01 feb 2011 - 11:12

By bungalowpark Beach Resort Makkum is it ôfrûne wykein ynbrutsen yn fjouwer rekreaasjewenningen. Ut de bungalows waarden de tillevyzjes meinaam. De skea is sa'n twatûzen euro.

De dieders kamen de wenningen yn troch de ruten te fernielen. De ynbrekkers hawwe neat oan de flatscreens. It binne hotel-tillevyzjes en dy binne troch oaren net te programmearen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)