Soad koper stellen yn Drachten

01 feb 2011 - 10:45

By in bedriuw oan de Giek yn Drachten is 89 meter oan koperen buizen stellen. Dat is it ôfrûne wykein bard. De dieders kamen it terrein op troch in stek te fernielen.

Fan in bûtengevel fan in tsjerke oan de Haadwei yn Aldholtpea is 15 meter oan koperen liedingen stellen. Dat is bard tusken 14 en 28 jannewaris, sa hat de plysje tiisdei bekend makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)