Kleine Kerkstraat wint priis

01 feb 2011 - 06:45

De Kleine Kerkstraat yn Ljouwert is útroppen ta leukste winkelstrjitte fan Nederlân. Dat is moandeitenacht bekend makke troch inisjatyfnimmer NLstreets.

Oant tolve oere nachts koe it publyk stimme op fiif strjitten. De Lytse Tsjerkstrjitte en de Haarlemmerdijk en Haarlemmerstraat yn Amsterdam giene oant it lêste momint hast gelyk op yn de striid. Uteinlik krige de Kleine Kerkstraat de measte stimmen fan it winkeljend publyk. Hast 30.000 minsken brochten harren stim út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)