Dost bliuwt by SC Hearrenfean

01 feb 2011 - 00:03
Bas Dost

Bas Dost makket it seizoen ôf by SC Hearrenfean. De oanfaller hie syn sinnen set op in oergong nei Ajax en hat besocht in oergong te forsearen fia in arbitraazjesaak. Dat is net slagge.

Omdat beide klups net ta oerienstimming kamen oer it transferbedrach bliuwt Dost by SC Hearrenfean. Robert Veenstra: 'Wy binne fan de oarspronklike fraachpriis fan 6 miljoen behoarlik sakke, mar binne der mei Ajax net útkaam.'

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)