Dost wurdt goedkeaper

Bas Dost
SC Hearrenfean hat Ajax opnij in tsjinfoarstel dien yn 'e 'soap' Bas Dost. Neffens foarsitter Robert Veenstra binne beide partijen tichter byelkoar kaam. Hearrenfean is in bytsje sakke mei de oarspronklike fraachpriis fan 6 miljoen euro.
Ajax giet foarearst net akkoart mei it tsjinfoarstel. Sy hâlde fêst oan it bod fan 4 miljoen. De 21-jierrige oanfaller is moandeitejûn troch Ajax keurd foar it gefal dat de klups dochs noch ta oerienstimming komme.