Roorda ferhierd oan Excelsior

Roorda fertrekt nei Excelsior
SC Hearrenfean-middenfjilder Geert Arend Roorda wurdt foar de rest fan it seizoen ferhierd oan Excelsior Rotterdam. Beide klups binne dat moandei oerien kommen.
Earder dy deis waard bekend dat in oergong nei it Deenske Esbjerg fB net trochgie. Der wiene neffens SC Hearrenfean-foarsitter Robert Veenstra meardere klups ynteressearre yn Roorda.