Bas Dost ferliest saak

31 jan 2011 - 19:36

Bas Dost hat de arbitraazjesaak tsjin syn klup Hearrenfean ferlern. Dat hat de KNVB moandei bekend makke. Dost woe fia de kommisje in oergong nei Ajax forsearje. Hy hope dat de KNVB him stypje soe troch it fêststellen fan in transfersom. Ajax hie in bod dien fan tusken de 3 en 5 miljoen euro, Hearrenfean wol minimaal 7 miljoen euro foar Dost krije.

Bas Dost kaam fan 't simmer oer fan Heracles Almelo en tekene in kontrakt foar fiif jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)