Pappegaaien meie bliuwe

31 jan 2011 - 17:40

Wim Bos út Sonnegea hoecht net benaud te wêzen dat er syn 40 pappegaaien kwytrekket. Buorlju klagen oer it lûd dat de fûgels meitsje as se bûten yn de koai sitte. De gemeente stjoerde dizze simmer 26 kear in kontroleur, mar dy konstatearre gjin lûdsoerlêst. Dêrom sil de gemeente net tsjin Bos optrede.

Buorlju binne bliid dat der sa faak kontrolearre wurdt en wolle dat de gemeente dêrmei fierder giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)