Nije direkteur Huisman-museum
Zwier Kroese is beneamd ta museummanager fan it Jopie Huisman Museum yn Warkum. Hy folget op 1 maart Jan Stedehouder op omdat dy mei pensioen giet.
De 59-jierrige Kroese hat in soad wurke yn de marketing-kommunikaasje brânsj. Hy wie jierrenlang direkteur Corporate Communication by de Friesland Bank. Op 14 febrewaris giet it museum wer iepen foar publyk.